Oanpak 'veelplegers' wurket

© Omrop Fryslân
De oanpak fan de 'veelplegers', minsken dy't har faak krimineel gedrage, slacht oan. Dat sei haadoffisier Den Hollander freed by de ynstallaasje fan fjouwer nije rjochters yn Ljouwert.
Der draait yn Ljouwert sûnt in healjier in projekt wêrby't draaidoarkriminelen hurder oanpakt wurde. Op it stuit sitte mear as 20 fan de 37 veelplegers fêst en sitte 4 yn in helptrajekt. Neffens Den Hollander feroarsaket de groep no minder oerlêst yn Ljouwert.