14 miljoen nedich foar skoallen

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel moat 14 miljoen euro ynvestearje om de skoalgebouwen te ferbetterjen. Lokalen binne min ûnderhâlden en der is ek te min romte. Wurdfierder Siebesma frege tongersdei út namme fan alle skoallen de gemeenteried om de ynvestearring. Hy hie mear as 150 dosinten meinommen.
De gemeente seit pas ynvestearje te kinnen sadree't Frjentsjerteradiel net mear ûnder kuratele fan 'e provinsje Fryslân stiet.