Stille tocht lûkt 1500 minsken

© Omrop Fryslân
De stille tocht foar de twa wike ferlyn deastutsen Ljouwerter Manuel Fetter(32) luts tongersdei in pear tûzen minsken. In soad fan harren hiene in wite ballon by harren. Op de Riedhûsplein harken de minsken nei taspraken fan boargemaster Dales, frou Edel (út namme fan 'e famylje) en Manuel syn healbroer Harald Fetter, dy't de minsken betanke.
De stille tocht waard hâlden op inisjatyf fan riedslid Wyb Feddema en Harald Fetter.