'De skoalagint moat wer werom'

© Omrop Fryslân
Skoallen yn Ljouwert wolle dat de skoalaginten werom komme. Se binne it ûniens mei de útspraak fan boargemaster Dales dat in skoalagint in taak foar it ûnderwiis is. Neffens direkteur Doodkorte makket in skoalagint de drompel foar bern om oanjefte te dwaan in stik leger.
Sûnder in skoalagint is de kâns op nije Awa folle grutter, tinkt Doodkorte. Awa stuts twa moanne lyn syn freondinne yn de brân.