Cambuur sil spitsen teste

08 okt 2004 - 00:00

It wurdt nije wike in kommen en gean fan wurkleaze spitsen dy't by Cambuur test wurde sille. No't Jan Bruin en Thijs Houwing yn it gips sitte moat der gau in ferfanger komme.

Cambuur hat besocht om in spits oer te nimmen of te hieren fan earedivysjeklubs, mar dat is mislearre. En omdat ek de bûtenlânske transfermerk stil leit siket Cambuur no yn 'e bak fan it arbeidsburo. Cambuur oefenet freedtejûn tsjin Jong Ajax.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)