Brede Skoalle yn Drachten

© Omrop Fryslân
De Brede Skoalle rukt op yn Fryslân. In brede skoalle kin neist it ûnderwiis ek in konsultaasjeburo, in pjutteboarters- plak en sels in wyksintrum binnen de poarten hawwe.
Foar in soad gemeenten is in Brede Skoalle dé oplossing om yn ien kear fiif of seis foarsjennings yn in wyk del te setten. Drachten iepene tongersdei syn earste Brede Skoalle yn de wyk de Drait. Der binne ek al plannen foar in twadden.