Leechstân winkels Easterwâlde

07 okt 2004 - 16:53

De PvdA yn Eaststellingwerf makket him soargen oer de leechstân yn it winkel- sintrum de Stipepassaazje yn Easter- wâlde. Sân fan de alve winkels yn it winkelsintrum stean leech trochdat de hier fan de winkels twa kear sa heech is as yn de rest fan Easterwâlde.

In partikulier inisjatyf om de winkelpassaazje op te keapjen om sa wer op normale prizen te kommen, is mislearre. De Stipepassaazje is no fan in Haachske projektûntwikkeler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)