Strjitrôvers Drachten oanholden

07 okt 2004 - 16:07

Yn Drachten binne woansdei en tongersdei twa manlju oanholden dy't fertocht wurde fan de strjitrôf fan moandei yn de Leeuwerikstraat. In man fan 38 jier út Drachten waard doe mei geweld bestellen fan syn beurs.

De fertochten binne tusken de 31 en 33 jier âld en komme ek beide út Drachten. Sy koene pakt wurde op grûn fan it sinjalemint. Sy sitte fêst foar ferhoar en wurde freed foarlaat oan de offisier fan justysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)