Bûtendyks gebiet moat feiliger

© Omrop Fryslân
Huzen op de Waadeilannen dy't bûten de diken en de dunen boud binne, moatte better befeilige wurde tsjin mooglike oerstreamings. Dy konklúzje lûkt it Provinsjaal Oerlisorgaan Kust. It oerlisorgaan komt yn dat rapport mei oplossings om de feiligens yn dy gebieten te ferheegjen.
Steatssekretaris Schulz fan ferkear wurdt frege jild beskikber te stellen foar ekstra diken en it opheegjen fan dunen yn it bûtendyks gebiet.