Ype Dykstra nei Seewolde

07 okt 2004 - 15:19

Boargemaster Dykstra fan Boarnsterhim wurdt tydlik boargemaster fan de gemeente Seewolde. De kommissaris fan 'e Keninginne fan Flevolân hat him frege. Dykstra giet op 1 novimber yn dieltiid oan de slach yn Seewolde. Per 1 jannewaris hâldt er hielendal op yn Boarnsterhim. Hy wie dochs al fan doel om yn 2006 op te hâlden as er 62 jier wurdt. Ype Dykstra wie sûnt 1992 boargemaster fan Boarnsterhim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)