Resjerzjeteam foar berneporno

07 okt 2004 - 12:24

In spesjaal resjerzjeteam sil de berneporno yn it Noarden oanpakke. It team sil jacht meitsje op minsken dy't fia ynternet berneporno ferspriede of seksfilms en -fideo's oanbiede. Elk dy't berneporno op ynternet opsiket, is foar de plysje fertocht.

Woansdei die de plysje op 15 plakken yn Fryslân ynfallen wêrby't berneporno yn beslach nommen is. Sy meitsje diel út fan in ynternasjonaal netwurk dat wurket út Wyt-Ruslân wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)