Jonge yn Ljouwert berôve

© Omrop Fryslân
In jonge (17) út Ljouwert is woansdei yn syn wenplak berôve troch twa manlju. De besoarger fan Sineesk iten ried op syn brommer doe't ynienen in man op him ôfkaam. De man pakte de jonge by de kiel en sloech him op syn helm.
Op dat stuit kaam der in twadde fertochte by, dy't de bûsen fan it slachtoffer trochsocht. De mobile telefoan en de beurs fan de jonge waarden stellen. Dê sieten in pear hûndert euro en ferskate bankpaskes yn.