Fertochten Fetter langer fêst

07 okt 2004 - 10:18

De twa fertochten fan de moard op Manuel Fetter yn Ljouwert moatte langer fêstsitten bliuwe. De rjochtbank yn Ljouwert hat woansdei it foararrest mei 30 dagen ferlingd.

In Ljouwerter (26) wurdt defan fertocht it slachtoffer mei 14 stekken om it libben brocht te hawwen. De oare Ljouwerter fertochte (27) soe it slachtoffer slein hawwe mei in ketting. Beide fertochten jouwe ta dat der in wurdewikseling wie oer in bierfleske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)