Fernielings lokaasje SULT

07 okt 2004 - 09:51

Yn de nacht fan moandei en tiisdei hawwe fandalen fernielings oanrjochte op de lokaasje fan Teatergroep Sult, yn it âlde molkfabryk fan Sint Nyk.

Neffens foarsitter Jan de Vries fan Sult kin de skea yn de papieren rinne om't de ynslûpers poeierblussers leechspuite hawwe. In agressyf sâlt yn dat poeier fret apparatuer oan. De gefolgen kinne faak noch moannen nei de tiid oan it ljocht komme. De foarstellings kinne gewoan trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)