Nominaasjes foar Lykdoarn

06 okt 2004 - 15:40

Op de webside www.doar.nl binne de nominearren foar de Gouden Lykdoarn bekend makke. Dat is in ludike priis foar guon kategoryen yn de Fryske literatuer fan de ôfrûne jierren. Der kin ûnder oaren stimd wurde op wa't yn de Fryske literatuer de meast paranoïde skriuwer, de grutste selfkicker en de grutste klisjeebrûker is.

Mannen as Eric Hoekstra en Cornelis van der Wal skoare heech. Yn novimber wurde de Gouden Lykdoarns útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)