Nijefurd: noch mear besunigje

06 okt 2004 - 14:57

De gemeente Nijefurd moat hast seis euroton ekstra besunigje. Yn de maitiid wie al in besuniging fan 360.000 euro oankundige. Dizze ekstra besuniging is nedich om't der te min jild fan it Ryk komt en de ûnreplik-guod-ynkomsten ôffalle. Ek foelen de ûnderhâldskosten fan de mienskipssintra heger út as tocht.

B en W wolle de ûnreplik-guod-belesting mei sân persint ferheegje. Guon partijen fine dat te folle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)