Disko pakt sels lûdsoerlêst oan

06 okt 2004 - 13:19

Twa kafees en ien diskoteek yn Snits hawwe op fersyk fan de gemeente lûdsbegrinzers yn 'e muzykynstallaasje ynboud. De gemeente hie dêrom frege omdat der in soad klachten wiene. Betiden waard wol 30 decibel mear lûd makke as tastien is.

Wethâlder Bargboer fan Snits is bliid dat de hoarekasaken meiwurkje oan it oplossen fan de problemen. De gemeente sjocht strang ta op lûdsoerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)