Plan hynstestamboek ynlutsen

06 okt 2004 - 11:38

De machtsstriid binnen it Keninklik Frysk Hynstestamboek is nei de algemiene ledegearkomste tiisdei yn Wolvegea noch net beslikke. In foarstel om de struktuer fan it stamboek te wizigjen, waard ynearsten wer ynlutsen.

De ledegearkomste wurdt yn it plan fer- fongen troch in lederied. Dêryn krije de leden bûten Fryslân mear ynfloed. Oant no ta komme meast Friezen nei de gearkomste dy't sadwaande de measte macht hawwe yn it stamboek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)