Provinsje moat busferfier rêde

06 okt 2004 - 11:37

De provinsje moat der alles oan dwaan om it iepenbier ferfier op peil te hâlden. Dat seit direkteur Hettinga fan ferfiersmaatskippij Arriva. Hy hopet dat deputearre Baas it Ryk der noch fan oertsjûgje kin de foarstelde besunigings te kearen.

It Ryk wol de provinsje foar it jier 2005 trije miljoen minder ta hawwe. Dat soe delkomme op minder bussen op sneins en by jûntiid. Mar soks kin net ûneinich trochgean, fynt Hettinga.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)