Polem bout leafst op âlde plak

05 okt 2004 - 17:34

Silobouwer Polem op 'e Lemmer wol noch hieltyd it leafst in nije hal bouwe op de hjoeddeiske lokaasje, mar wol ek meitinke oer alternative lokaasjes op bygelyks yndustryterrein Lemsterhoek.

Moandei fergadere de riedskommisje oer de oanfraach fan Polem foar de bou fan de 30 meter-hege produksjehal op yndustryterrein Bûtengaats, oan it strân en de Iselmar. Dêr kaam gjin dúdlikheid. Oer trije wike nimt de ried it definitive beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)