KNKB ferliest topsport-status

© Omrop Fryslân
Keatsbûn KNKB is de topsport-status kwytrekke. It keatsbûn hie dy status yn 2001 krigen fan sportkoepel NOC/NSF. De KNKB foel yn 'e saneamde topsportstatus twa-groep. Dat is de op ien nei heechste kwalifikaasje, want yn groep ien sitte allinnich Olympyske sporten.
It keatsbûn rekket de status kwyt, omdat NOC/NSF de kriteria oanskerpe hat. De KNKB fynt dit spitich, omdat dit net goed is foar de útstrieling fan 'e keatssport.