Ljouwert ûndertekenet noch net

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat de ûndertekening fan it kontrakt oer de bou fan de parkeargaraazje ûnder it Aldehouster Tsjerkhôf útsteld. It kontrakt hie tiisdei tekene wurde sild, mar Ljouwert wol it earst noch better bestudearje.
Omdat de ûndertekening oergiet, giet de ynformaasjejûn ek net troch. Dy wie bedoeld foar omwenners en ûndernimmers yn de binnenstêd en stie foar tiisdeitejûn op it programma.