Aaipop bliuwt yn De Mande

05 okt 2004 - 15:01

Aaipop bliuwt yn Nijlân. It Fryske muzykfestival wurdt lykas altyd hâlden yn De Mande. Earder like it der op dat der in oar plak foar Aaipop socht wurde moast, om't de Mande ferboud waard. Dêrtroch soe it festivalterrein te lyts wurde en soene der net mear genôch besikers komme kinne.

Yn de nije opset is no mear romte makke foar in eveneminteterrein dêr't in twadde tinte op past. Mooglik kinne der sels mear besikers talitten wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)