Stille tocht foar Manuel Fetter

05 okt 2004 - 12:30

Yn it sintrum fan Ljouwert is tongersdeitejûn in stille tocht foar de deastutsen Manuel Fetter. Dat hat boargemaster Dales befêstige. De tocht begjint om healwei njoggenen by it stedhûs.

It is noch net wis oft de stille tocht ek troch de Grutte Heechstrjitte giet. Dat is de strjitte dêr't Fetter deastutsen waard, neidat er in opmerking makke hie oer it stikken smiten fan in bierfleske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)