Kompasjilden foar Ljouwert-West

05 okt 2004 - 12:27

Bedriuweterrein Ljouwert-West wurdt de kommende tiid flink opknapt. De gemeente hat fiif miljoen euro oan Kompasjilden beskikber foar de renovaasje fan it âldste bedriuweterrein fan 'e stêd.

Meiinoar is rûchwei 16 miljoen nedich om Ljouwert-West wer hielendal by de tiid te bringen. Der wurdt dêrom ek in bijdrage frege fan 'e bedriuwen sels. Ljouwert-West leit der op dit stuit slim fertutearze by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)