Missy klimmers net slagge

05 okt 2004 - 09:19

Trije Ljouwerter berchbeklimmers ha har poging om de top fan de Mont Blanc te berikken staakt. De trije, Hans Achterbosch, Ron Fonville en Harry Lunter, woene yn 48 oeren fan de top fan de Aldehou nei de top fan de Mont Blanc en wer werom.

Op 400 meter fan de top fan de berch waard it waar hiel min. Dêrby krigen twa fan de manlju lêst fan hichtesykte, sadat de poging staakt waard. De manlju binne no wer thús en fiele har goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)