Ferlies foar Jong Cambuur

05 okt 2004 - 00:00

De fuotballers fan 'e beloften fan Cambuur Ljouwert ha moandei mei 3-2 ferlern fan AGOVV fan Apeldoarn. It is de earste kompetysjenederlaach foar de beloften fan dit seizoen. Foar de Ljouwerters skoarden Martijn Roosenburg en Stefan Frederiksen. Troch it ferlies sakket Jong Cambuur nei it twadde plak op 'e ranglist.

It earste fan Cambuur sil freed thús oefenje tsjin Jong Ajax, omdat de wedstriid tsjin VVV net trochgiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)