Nij kiessysteem hynstestamboek

© Omrop Fryslân
De ynfloed fan de leden fan it Frysk Hynstestamboek wurdt folle minder troch in nij kiessysteem. Dêrfoar warskôget Max van der Berg. Hy wie prominent lid fan de kommisje dy't it nije systeem betocht, mar hat no syn betinkingen.
No hat elk lid ien stem. Yn it nije systeem fertsjinwurdiget in lederie de leden. Wat dat betsjut, ha de leden net goed yn 'e gaten, seit Van der Berg. Tiisdei is der in ledegearkomste fan it hynstestamboek.