De Jouwer wint ek mei 10 man

© Omrop Fryslân
Oanfierder Geert-Jelle de Vries fan De Jouwer waard snein yn 'e earste helte mei in reade kaart fan it fjild stjoerd yn 'e útwedstriid by Achilles '94 yn Assen. De Jouwer wûn likegoed mei 2-0 troch twa goals fan Oane Hornstra.
Achilles wist net goed te profitearjen fan de man mear. De Jouwer hâldde de saak achteryn op slot en wûn frij maklik. Troch de winst draaie de Jousters goed mei yn 'e kop fan it klassemint fan 'e haadklasse.