F-16's nei Noarwegen

04 okt 2004 - 16:49

It wurdt de kommende fjouwer wike in stik rêstiger yn de loft boppe Fryslân. De F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis dogge fan moandei ôf mei oan oefenings bûten de provinsje.

Guon tastellen sille nei Noarwegen ta, om dêr te oefenjen mei ûnder mear it smiten fan echte bommen. Tolve oare fleantugen binne de kommende wiken stasjonearre op fleanbasis Twente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)