Protest tsjin suvelgigant

© Omrop Fryslân
Boeren yn Skarsterlân ha skjin har nocht fan it belied fan Friesland Coberco Dairy Foods. It suvelkonsern kommunisearret min mei har leden en de direksje hat te min feeling mei de boeren, de feitlike eigners fan de ûndernimming.
De NLTO-ôfdieling Skarsterlân hat dêrom in brief stjoerd wêryn se oandacht freget foar har argewaasje. De boeren wolle graach dat ek oare boeren har hearre litte en dat der sa wat feroaret.