Tekoart op begrutting Snits

04 okt 2004 - 11:19

De gemeente Snits ferwachtet foar 2005 in tekoart op de begrutting fan mear as 160.000 euro. Dat hat te krijen mei besunigings fan 'e ryksoerheid en in legere útkearing út it gemeentefûns. It Snitser tekoart drige noch folle heger út te pakken, mar wurdt no troch ferskate maatregels beheind.

B. en w. hoopje bygelyks te besparjen op de leankosten. Fierder wol it kolleezje de gemeentlike belestings mei twa persint ferheegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)