Trijetalige dichtbondel klear

© Omrop Fryslân
By stichting Cepher is de trijetalige dichtbondel Gjin grinzen de reis (No borders, the voyage) ferskynd. Yn de bondel nimme 23 bekende Fryske dichters de lêzer yn trije talen - Frysk, Nederlânsk en Ingelsk - mei op reis.
Oan it trijetalige boek is ek in CD mei foardrachten fan 'e dichters sels taheakke. Yn 'e bondel steane bijdragen fan dichters as Meindert Bylsma, Josse de Haan, Durk van der Ploeg, Jacobus Smink en Albertina Soepboer.