Nije brânwachtkazerne Wytmarsum

03 okt 2004 - 17:08

Boargemaster Piersma fan Wûnseradiel hat sneon de nije brânwachtkazerne fan Wytmarsum iepene. Sneontemiddei hâldde de brânwacht dêr iepen hûs. De brânwachtkorpsen fan Boalsert en Harns diene dêr ek oan mei. De kazerne is ûnderbrocht yn in eardere loads fan boubedriuw Heeringa.

It boubedriuw sil ferhúzje nei in oare lokaasje yn Wytmarsum. De brânwacht hat mar in part fan it bedriuwsterrein nedich; op it oare part komme huzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)