Gjin mearderheid foar sweeftrein

© Omrop Fryslân
Yn de Twadde Keamer is gjin mearderheid mear foar in sweeftreinferbining tusken Grins en Amsterdam. Dat sizze de keamerleden Atsma (CDA) en Tigchelaar (PvdA). Sy dogge har útspraak yn in dokumintêre dy't Omrop Fryslân snein op televyzje útstjoert.
De keamerleden fine dat der fierste grutte twivels binne oer de finansjele helberheid fan in sweeftrein. Atsma tinkt dat no better ynset wurde kin op in intercity, de goedkeapere fariant.