Algra lokwinsket de fakbûnen

© Omrop Fryslân
De grutte opkomst by de demonstraasje yn Amsterdam is in lokwinsk oan de fakbûnen wurdich. Dat seit âld-CNV'er en CDA-Twadde Keamerlid Rendert Algra fan Jobbegea. Algra wie sneon sels ek yn Amsterdam, mar hy demonstrearde net mei. Neffens him is dat net mear nedich, omdat it kabinet de plannen op in pear wichtige punten oanpast hat.
Algra hie fierder de yndruk dat in soad demonstranten net goed wite wêr't se eins tsjin demonstrearje.