Kuper wint heale maraton

© Omrop Fryslân
Arjen Kuper fan Hilversum hat sneon de heale maraton fan Drachten wûn. Kuper naam nei 18 kilometer ôfstân fan syn neiste konkurrint Benjamin Kok fan Jistrum. Kuper syn tiid wie 1.10'30", Kok hie santjin tellen langer wurk. Remon van Lunzen waard tredde. Saher Yousef, de winner fan ferline jier, koe fanwege in blessuere net meidwaan.
Yvonne Kassenberg fan Burgum wûn by de froulju. Kassenberg hie 1.27'13" nedich, Titia Visser waard twadde.