Frysk Festival jier útsteld

© Omrop Fryslân
It folgjende Frysk Festival wurdt net yn 2005 hâlden, mar in jier letter. Fanwege organisatoaryske problemen wie it net mooglik om 2005 oan te hâlden. De stichting hat altyd in soad help fan Keunstwurk. Mar dêr wie it ferrin fan personiel de lêste tiid grut. De nije projektlieder fynt 2005 te ier.
It Frysk Festival is in kultureel festival dat om de fiif hâlden wurdt. De lêste kear wie mei de Grutte Friezereüny Simmer 2000.