Nijntje yn it Latyn

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter útjouwerij Bornmeer hat it berneboek 'Nijntje aan zee' fan Dick Bruna yn it Latyn oerset. De Latynske ferzje hat de titel 'Miffa ad mare' krigen. Bornmeer jouwt Nijntje ek yn it Frysk út.
In âld-learares klassike talen hat 'Nijntje aan zee' oerset. Nijntje hat de namme Miffa krigen, om't it knyntsje oeral Miffy hjit. Allinnich yn Nederlân hjit it knyntsje Nijntje. Dy namme is yn it Latyn net brûkber.