Cambuur ferliest op 'e nij

© Omrop Fryslân
De soargen by Cambuur wurde hieltyd grutter. Freed waard op 'e nij ferlern, no mei 1-0 yn Velsen fan Stormvogels Telstar. Cambuur hie freed wol in lykspul fertsjinne, mar wit al sûnt 450 minuten it doel net te finen.
Omdat Jan Bruin en Thijs Houwing blesseard binne, stie de Fin Miikka Ilo yn de spits. Hy krige fiif kânsen mar slagge der net yn te scoaren. Cambuur hat te krijen mei in soad blessueres. Freed kaam Schuiteman dêr noch by.