Liemburg lilk op DS

01 okt 2004 - 15:36

Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel is lilk op Deputearre Steaten. Dy hiene krityk op it gemeentlik selsevaluaasjerapport, want gemeenten kinne folle mear gearwurkje, fine DS. Neffens Liemburg bart dat al in soad.

Sa litte seis gemeenten yn it súdwesten harren automatisearring mienskiplik dwaan. It bedriuw dat dat docht, naam tongersdei yn Boalsert in nij gebou yn gebrùk. Liemburg iepene it ûnderkommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)