Hearrenfean weeft ôf mei Maccabi

© Omrop Fryslân
Maccabi Petach Tikva wie tongersdei gjin probleem foar SC Hearrenfean. De pompeblêdeformaasje wûn mei 5-0. Foar Hearrenfean skoarden Bruggink en Väyrynen foar rêst. Nei rêst makken Hansson, Sikora en Selakovic der 5-0 fan. Yildirim hie in grut oandiel yn 'e winst, want hy joech by alle goals de foarset.
Troch de winst hat Hearrenfean him pleatst foar de twadde ronde fan 'e UEFA-cup.