Parkeare foar 9 miljoen 't Fean

01 okt 2004 - 15:32

De parkeargaraazje op it Geert Willigerplein op It Hearrefean kostet mear as njoggen miljoen euro. B en W freegje de rie dêrmei akkoart te gean. Yn de garaazje is plak foar 350 auto's.

In part fan de boukosten soene earst weromfertsjinne wurde troch der in flatgebou by te bouwen. Mar dêr kamen in soad beswieren tsjin en dêrom gie it oer. De gemeente hoecht foar de grutte ynvestearring de parkeartariven net te ferheegjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)