Rigoletto net yn 'e prizen

© Omrop Fryslân
De operafilm Rigoletto fan opera Spangea en Omrop Fryslân is net yn de prizen fallen by it Omropgala. Dêr waarden tongersdei de fakprizen foar de Nederlânske tillevyzje útrikt. Rigoletto wie foardroegen yn 'e kategoary kultuer. De priis gie nei in produksje fan de NPS.
By it gala van het Gouden Beeld waard ek de priis útrikt foar de televyzjepersoanlikheid fan it jier. Dy wie foar presintator Jeroen Pauw.