Ryk jout 151 miljoen foar heak

01 okt 2004 - 11:19

De gemeente Ljouwert krijt fan it Ryk 151 miljoen euro foar de oanlis fan de heak om Ljouwert. Dat hat ferkearsminister Peijs bekend makke. Dizze nij oan te lizzen dyk moat in ferbining wurde tusken de súd- en westkant fan de stêd.

It jild komt tusken 2011 en 2014 beskikber en is it minimum fan wat it Ryk tasein hie. Yntusken hâlde kaartemakkers al rekken mei de dyk. Op de nijste lânkaarten stiet de heak al.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)