Priis foar Kameleonfilm

01 okt 2004 - 10:58

Regisseur Steven de Jong krige woansdei de 'Stimulans voor Succes-priis' foar syn film De Schippers van de Kameleon. Dat barde op it Nederlânsk Filmfestival yn Utert. De priis bestiet út in bedrach fan 100.000 euro. De Jong sil dat jild ynvestearje yn syn nije filmprojekt De Scheepsjongens van de Bontekoe.

De Kameleonfilm wie mei hast 750.000 besikers de meast súksesfolle film fan 2003.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)