Mear bekend oer fertochte

01 okt 2004 - 10:27

Yntusken is der mear bekend wurden oer de fertochte dy't Manuel Fetter deastutsen hat. De 26-jierrige man makke diel út fan in groep Albanezen dy't al skoften foar grutte oerlêst soarget yn de Ljouwerter binnenstêd. Leden fan de groep binne oppakt foar in sjitpartij op 19 desimber ferline jier.

Ek soe de fertochte, Hassan, drige ha syn freondinne yn de brân te stekken. Hy soe faak agressyf wêze, benammen nei it stikkenrinnen fan syn relaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)