Feddema wol nije stille tocht

30 sep 2004 - 17:29

Der moat in stille tocht hâlden wurde tsjin sinleas geweld. Dat fynt it Ljouwerter gemeenteriedslid Wyb Feddema fan 'e VVD. De oanlieding is fansels de dea fan Manuel Fetter (32) fan ôfrûne freed. Feddema pleitet foar in stil protest omdat hy as heit, politikus en ynwenner fan Ljouwert rekke is troch wat der bard is.

Justysje sei woansdei dat Fetter samar in slachtoffer wie. Wat him oerkommen is hie elkenien oerkomme kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)