Advokaat foar dakleazen

30 sep 2004 - 16:00

Dakleazen yn Ljouwert krije sûnt dizze moanne in advokaat op besite dy't harren helpt by juridyske fragen. Dakleazen binne faak te benaud om nei in advokatekantoar te stappen en misse dêrtroch juridyske bystân.

Advokaat Gerlinde Spaan yn Ljouwert giet dêrom twa kear yn de moanne nei it Leger des Heils en it Straathoekwerk yn Ljouwert. Se seit dat se advokaat wurden is om minsken oan de ûnderkant fan de maatskippij te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)