Gearkomste fiskerijdirekteuren

© Omrop Fryslân
De Europeeske fiskerijdirekteuren fergaderje op it stuit yn Beetstersweach oer it ferminderjen fan regels foar Noardseefiskers. Dy binne no fierstente yngewikkeld. It doel fan de byienkomst is dat seker 25 persint fan de regels skrast wurdt en dat it dwaan fan de administraasje foar de fiskers makliker wurdt.
It skrassen fan regels moat der ek foar soargje dat fiskers makliker oerstappe op miljeufreonlikere wizen fan fiskjen.